“Sy hawwe in gâns te pakken!” In oantal froulju steane te sjen nei in stik of acht kowbisten dy’t yn in lân neist de Feanster feart hiel ticht by mekoar nochal wat heisa steane te meitsjen. Eltsenien wol wol yngripe mar hoe? Ik beslút om it lân yn te gean en dizze bisten wol efkes… Lees verder #045 Drave yn it greidelân
Categorie: 150
#044 | Euro95
Wy moasten fuort mei de auto en ik soe wol efkes de benzinetank fol goaie. “Wat moat dêr ek alwer yn, Euro95?”, frege ik oan myn opdrachtjouwster. Sy sjocht my oan as sjocht se wetter yn brân stean. De lêste tiid hawwe wy nochal te krijen mei deminte minsken en blykber wurd ik dêr no… Lees verder #044 | Euro95
#43 | Dweiltrochwiet
It wie in waarme simmerjûn doe’t ik nei de kursus fytste. Foar de weromreis hie ik dochs myn trui mar meinaam, it soe wol wat ôfkuolje. Healwei de kursus moast ik efkes nei de fyts om de trui binnen te heljen, it wie begûn te reinen. Doe’t alle kennis oer reanimaasje wer opfrist wie, spielde… Lees verder #43 | Dweiltrochwiet
#42 Kadootsje
“Jo koade wurdt brûkt op in nij tastel, bisto mei myn koades oan’e gong? Is myn nije telefoan der?”, sa wurdt der fan ûnderen roppen. Yndie is har nije telefoan in oerke lyn ôflevere en dizze soe ik hurd efkes ynstallearje salang as sy fuort wie en dan as kadootsje ynpakke en as ferrassing in… Lees verder #42 Kadootsje
Sjoelblokje
De sjoelbak wie omfallen tidens it skjinmeitsjen en hie dêrby aardich skea oprûn. Dizze bak stie dan ek net op in hiele handige lokaasje – op’e sliepkeamer efter de doar – mar dat is wol in plakje wêr’t hy net ien yn it paad stiet. De blokjes leinen troch de hiele keamer, mar dy wiene… Lees verder Sjoelblokje
#40 Gelûdsje
Der koe wol in telefoan oergean, sa tocht ik earst, mar it stees mar werheljende rideltsje bleaun mar trochgean en trochgean. Dan sil it wol in kompjûterspultsje wêze of sa, begûn ik te tinken tidens myn wurksumheden yn de tún. Ik koe net rjocht trasearje wêr’t it wei kaam, want nei hast in heal oere… Lees verder #40 Gelûdsje
Aaikes
Oeps, ik bin boppe yn’e badkeamer dwaande as ik my betink dat ik niiskrekt aaikes op it fjoer set haw. Sûnder derby nij te tinken bin ik dêrby wei run en no haw ik gjin flau benul hoefolle minuten as dat lyn is. Rap gien ik wer nei ûnderen en lit de trije minuten yn… Lees verder Aaikes
Dream
“Ik haw oer dy dreamd”, flústeret in blonde jongedame my yn it ear as sy my tsjinkomt yn in winkel yn Surhústerfean. De ynhâld fan de dream wurdt my net ferteld, mar it sjocht der foar my net al te bêst út: ik bin dea! “Dêrom bin ik ek bliid om dy te sjen”, slút… Lees verder Dream
#37 Ofsletten
In rûn wyt ferkearsboerd mei in grutte reade râne, wy witte allegear wol wat dat betsjut. It is ferbeane om dizze wei yn te riden en dat wurdt al hielendal dúdlik makke as der in giel boerd yn hielendal net yngewikkelde Nederlânske taal oanjout dat it ferkear oer hûndert meter ôfsletten is. Ik ha dan… Lees verder #37 Ofsletten
Blomke
“Hast wat goed te meitsjen?”, ropt in stim fanôf de oare kant fan’e wei as ik by de blommist nei bûten kom mei in boskje blommen op’e earm. “Nee hjer, ik doch dat gewoan omdat it út en troch sa moai is”, antwurdzje ik en de ferkeaper besjocht it noch efkes wat skerper: “ast wat… Lees verder Blomke