Laminaatsnijer

“Is in laminaatsnijer net wat foar dy?” Dizze suggestje wurdt my dien omdat ik al in tiidsje dwaande bin mei it lizzen fan sa’n flier op’e souder. Ik doch dat op myn eigen amateuristyske manier en moat foar elke planke nei de garaazje om dizze op maat te meitsjen mei in sirkelseachmachine. Dat jout nammentlik… Lees verder Laminaatsnijer

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150, Frysk

Mystearje

It lûdsje bliuwt mar oanhâlden, ik wurd stees nijsgjirriger en wol witte wat it is!

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150

Bubbels

Efkes in tsjerkeradio ynstallearje by in bewenner fan ’t Suyderhuys, noch net sa lang lyn wie dit yn in pear tellen klear. Dan fertelde ik by de resepsje wêr’t ik hinne woe, dêr krige ik it keamernûmer en koe ik myn gong gean. Meastentiids krige ik by de bewenner dan wol en bakje kofje en… Lees verder Bubbels

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150

Bytanke

Trochdat ik myn fotokamera net mear regelmjittich brûk, stiet it apparaat wol wikenlang yn’e kast. Doe’t ik fannemiddei efkes in foto sjitte soe foar in opdrachtsje, sloech de skrik my om it heart: it lampke fan de batterij stie te knipperjen en dat betsjut meastentiids dat der net safolle tiid mear is. Wat doch ik… Lees verder Bytanke

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150

Gemak

Om it jo makliker te meitsjen, freegje wy jo om postkoade en hûsnûmer yn te sprekken. Alle kearen as ik nei de grutte provider belje, wurdt my dizze opdracht jûn wêr’t ik net omhinne kin. Nei in oantal tillefoantsjes begjint it my wat te yrritearjen, al hielendal om de earste fraach dy’t de meiwurker stelt… Lees verder Gemak

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150

#30 Rideltsjes

“Goeiemoarn, jo prate mei Trientsje fan dat-en-dat bedriuw, wêrmei kin ik jo fan tsjinst wêze?” It is altyd sa’n fêst freonlik rideltsje wêr’t telefonistes it petear mei begjinne en as sy it dan net mear witte ferbine se troch nei de ôfdieling. “Momintsje graach.” Dan duorret it faak in tydsje en hearre wy in troch-ferbyn-toan… Lees verder #30 Rideltsjes

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150

Rollebolje

Yn de sauna springe wy somtiden samar yn in iiskâld badsje nei in waarme sit yn in kabine. Dat jout in soad fan kik en neffens my is it ek wol sûn. As wy by de Noardsee komme – as it no simmer is as midden yn’e winter – wol ik altyd in dûk nimme… Lees verder Rollebolje

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150

Mûlekapke

“Wolle jo asjeblieft wol in mûlekapke drage?” It famke by de yngong fan de supermerk hie it hiel fatsoenlik frege mar dizze klant hie wegere. In hiel soad minsken fynt it mar neat – ik bin der sels ek gjin leafhawwer fan – om dy ûnhandige dingen te dragen, mar it moat no ien kear.… Lees verder Mûlekapke

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150

Read

“Grien of giel?” Ik bin by de grienteboer en as ik dan kiwys bestel, krij ik altyd de fraach hokfoar kleur ik wol. ‘Grien’, siz ik alle kearen en dan komt it wol goed. De jongeman efter de toanbank hat se al kreas yn in taske dien as ik my wat betink by de folgjende… Lees verder Read

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150

Kaai

De doar is by ús meastentiids los, elkenien dy’t gjin kwea yn’e sin hat, is wolkom en kin troch de garaazje efterom komme. Allinnich as wy fuort binne of oars dwaande wurdt de kaai efkes omdraaid. Hjoed wie ik wat oan it karweien west en hie dêrby in wat âldere spikerbroek oan dien. Doe’t ik… Lees verder Kaai

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150