De lêste tiid fernim ik regelmjittich dat myn ûnderbroek wat wiet is. Hiel stikem sjoch ik dan wolris efterom en tink ik wolris: it sil dochs net? Ik bin ommers de fyftich ek al foarby en by sommige mannen op leeftyd kin it plassen troch bepaalde lichaamlike feroarings wolris wat minder maklik gean. Der kin… Lees verder Alde mantsjes
Categorie: 150
Fleanende krystbeam
In hiel soad heiten en memmen moasten oardel dei nei de parsekonferinsjes fan de minister ynienen wer klearstean as skoalmaster of -juf. Dat dêr dochs hiel wat oars by komt sjen hat yn hiel wat húshâldens alwer bliken dien. Net allinnich de hiele deistruktuer moat omgoait wurde, ek de rollen moat fan de ien op… Lees verder Fleanende krystbeam
Ferkâlden (23)
It is alwer in oantal wiken lyn dat myn koarte broek foar in skoftsje de kast yn gie, it waar wurde wat oars. Dat wie ek fuortdaliks te merken as ik bûten kaam: by in fytstochtsje bleau der al gau in dripke ûnder de noas hingjen, net sa spannend. Mar yn dizze tiid fan korona… Lees verder Ferkâlden (23)
Sinteklaas (22)
Troch de ferjonging yn de buert moast der nei safolle jier mar wer ris oan Sinteklaas dien wurde. De Pieten om kadootsjes en pipernuten út te dielen wiene der samar, oer in heiligman wurde net praat. ‘As der in klazenpak komt, stap ik deryn’, sa pofte ik yn de ferûnderstelling dat dit dochs wol net… Lees verder Sinteklaas (22)
Boadskipke (21)
“Sjoch op it plaatsje”, sa lies ik op it boadskipbriefke dat ik by my hie yn de winkel. Blykber wie it in hiel spesjaal produkt en omdat ik mear as ien kear mei in ferkeard boadskip thús kaam bin, krige ik no in foto mei. Al gau hie ik it produkt fûn krektlyk as op… Lees verder Boadskipke (21)
Briltsje (20)
“Ik kin it wier net mear sjen!” Myn broer is efkes by ús en mei syn earmtakke sa fier as mooglik fan him ôf probearret ‘r in berjochtsje op’e tillefoan te lêzen. Teun is ek hast fyftich en dan begjinne dat soad dingen wolris wat minder te wurden. “Kinsto dat noch lêze?” Om yn de… Lees verder Briltsje (20)
Blêdblazer (19)
Hjir wennet ien dy’t in blêdblazer hat, sa is myn konklúzje wannear ’t ik derlâns kuierje. Yn de hiele strjitte lizze gjin blêden op’e dyk mar hjir wol, wylst de tún sûkerskjin is. Sûnder folle ferstân fan de natuer te hawwen is te sjen dat de blêden simpelwei fan de tún nei de wei blaast… Lees verder Blêdblazer (19)
Kodebestelling
It famke fan’e betsjinning kaam by ús en sy hie wol sa’n kompjûterke by har om de bestelling op te nimmen, mar sy die oars net as útlizze hoe’t wy dat sels dwaan koenen mei ús tillefoan. Troch it scannen fan in QR-kode kinne wy de kaart besjen en opjaan wat wy haw wolle en… Lees verder Kodebestelling
Mannenpraat
Wy wienen efkes yn’e stêd foar in boadskip en ik stie in momintsje bûten te wachtsjen foar in winkel dêr’t ik net it measte te sykjen hie. Op strjitte sjochst mei dit moaie waar en in soad drokte yn in sintrum fan alles foarby kommen. Dat seagen de fiif mannen op’e steiger by de saak… Lees verder Mannenpraat
Seksy
Hiel earlik moat ik bekenne dat ik – neffens my lykas wol mear mannen – net de oare kant út sjoch as ik yn dit simmerske waar by froulju foarsichtich in lyts bytsje kant fan harren ûnderguod sjoch ferskinen; ik mei dêr wol oer, ik fyn dat sels wol seksy. Dat it tsjinwurdich hiel hip… Lees verder Seksy