#5 Winkelkarre

“Ho mynhear, jo binne ferplicht om in winkelkarre mei te nimmen!” In meiwurkster fan de supermerk wêr’t ik altyd de boadskippen helje ropt my werom neidat ik lykas oars de winkel sa yn stap mei myn boadskiptas. Ik fiel my hast in krimineel dy’t ien fan de foarskriften rûnom al dat corona-gedoch wierskynlik net sjoen… Lees verder #5 Winkelkarre

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150 Getagged

Koartôf

“Wol it wat slagje?” In grûnwurker stiet skodzjend mei de holle te sjen nei in wat âldere man dy’t syn fyts oer grutte bulten sân tôget en hast fêst sitten bliuwt yn in djippe kûle. “It sil wol moatte hin”, antwurdet de man dy’t stiif trochset koartôf. It boerd dat it ferkear ôfsluten is fanwege… Lees verder Koartôf

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150

Corona

“Witsto eins wol datsto corona hast?” In goeie bekende komt yn de supermerk laitsjend nei my ta mei dizze meidieling. Sy hat dit niiskrekt fan ien heart dy’t myn namme neamde en it allegearre hiel goed tinkt te witten. Oan de iene kant moat ik hjir ek wol in bytsje om laitsje, mar oan de… Lees verder Corona

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150, Frysk

Bus

Bûten waait it tige hurd, de foarútsichten binne foaral reinich; hjoed gjin ik yn’e bus. De fertrektiid haw ik goed yn’e holle mar by it ynpakken fan myn tas fernim ik dat ik opsjitte moat. Dan mar op’e fyts nei in halte efkes fierderop, dit jout my in pear minútsjes romte en ik hoech minder… Lees verder Bus

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150

Lear fet

Wy sieten oan’e kofje en it ûnderwerp wie it Ot en Sien museum. Ien fan de oanwêzigen hie dêr noch in bernewein út it ferlien skonken. Der waard by ferteld dat de learkes wêr’t it hiele spul doedestiids yn hang wol wat byholpen wiene omdat it guod wat minder wurden wie. “Net ûnderhâlden tink?!”, boldere in oanwêzige… Lees verder Lear fet

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150