“Brrr, wat is it smoarch waar net”, sa krimmenearre de âldere mefrou mei in grillich gesicht wylst sy de measte fochtigens fan har jas ôfkloppe by it taffeltsje neist my yn’t waarme kafee. – “Ja, hearlik hin”, sa probearre ik in positive draai te jaan oan it almar oanhâldende geëamel oer rein en kjeld. “Tsja…… Lees verder Posityf yn it waar sjen
Categorie: 150
Memmetaal (2)
“Ja goeiedei, jo prate mei my, ik woe graach in ôfspraak meitsje.” Sa ûngefear begjin ik myn telefoan petearkes om in ôfspraak by dokter of wat oars te meitsjen. As de assistinte dan freget ‘wa bisto?’, dan wit ik wol dat ik gewoan yn myn eigen memmetaal trochgean kin en ik net hoech om te… Lees verder Memmetaal (2)
Hastich
Myn kuierke hie ik krekt hân doe’t it alwer wat begûn te reinen. Op myn kantoar hie ik mysels in lekker bakje kofje ynskonken en siet no te sjen wat de aginda hjoed allegearre foar my op it programma hie. Ferhip, om healwei tsienen in gearkomst yn De Bining, sa seach ik ta myn alteraasje.… Lees verder Hastich
Tiidfergriemen
Wêr binne dochs dy goeie âlde gearkomsten fan eartiids bleaun wêr’t de saken mei in goeie foarsitter dúdlik besprutsen wurden en der dan spikers mei koppen slein wurden. Boppedat wurden der ôfspraken makke dy’t kreas yn’e notulen kamen. Tsjintwurdich wurdt der yn in gearkomst oer fan alles en noch wat heggele en stiggele, elkenien fynt… Lees verder Tiidfergriemen
H&W
Oardel dei wiene sy der mei dwaande west, buorman H. en buorman W. fûnen dan ek dat sy wol in bierke fertsjinne hiene. De skutting stie der mar wat kreas by, sa koene sy wol wer in oantal jierren foarút. In dei letter kaam der in mantsje om noch wat saken yn’e tún kreas te… Lees verder H&W
Beppe’s enkête
“Dizze froulju wolle graach in enkête dwaan, soene jo dêr wol oan mei wurkje wolle?” Beppe kin ús heit wol en leit krekt út wat har bernsbern mei twa freondinnen wol en fansels wol myn heit – wêr’t ik efkes thús bin – hjiroan wol meidwaan. “En do wolst fêst ek wol meiwurkje”, sa oerrompelet… Lees verder Beppe’s enkête
Ferkeard ferbûn
Triii-iiing! It tiidstip fan dit telefoantsje docht my sa’n bytsje betinken wa’t der skilje kin en derom nim ik hiel entousiast op. “Mei Dick!” It bliuwt in skoftke stil oan’e oare kant. “Mei waaaa???!!!” Ik hear in âldere frou en neam in bytsje rêstiger myn namme. Opnij is it efkes stil oan de oare kant… Lees verder Ferkeard ferbûn
Personielstekoart
“Hawwe jimme ek stoomcleaners?”, Yn de boumerk freegje ik dit oan de jongeman dy’t op dizze ôfdieling wurket. – “Uuh nee, die hebben we op het moment niet”, antwurdet hy, lykas de lêste krektlyn ferkocht is en der moarntemoarn wer in pallet fol yn de winkel stiet. Dan binne wy gau klear, sa konkludearje ik,… Lees verder Personielstekoart
Fytsmakker
“En… kin ik myn fyts oan’e ein fan de moarn wer ophelje?” De klant hat krekt ferteld wat der sa’n bytsje oan syn fyts mankearret en de fytsmakker hat notysjes makke. “No, dat kin ik net mei wissichheid sizze”, is syn antwurd. “It is drok en wy binne op ‘t stuit ek mar mei syn… Lees verder Fytsmakker
Kassawurk
De frou fan in jier as santich stiet mar wat súntsjes om har hinne te sjen as de kassa mei mar ien klant yn’e rige slút en sy oanslute moat yn in rige fan sân. “Dat is ek net klantfreonlik”, foeteret se tsjin gjinien yn it bysûnder. Sy is der dan ek rap by as… Lees verder Kassawurk