Wylst de profs ús foarby fleane op De Kolk, steane wy efkes te sjen nei it plak wêr’t ik aardich wat jierren wenne ha. De balkontsjes lykje aardich minder yntinsyf brûkt te wurden dan yn de tiid dat wy der wennen mei de profronde. Fan lofts nei rjochts wie it eins altyd krekt itselde: Dick… Lees verder Bier en bitterballen
Categorie: 150
Yntimidearje (2)
“Dy mynhear mei dat huodsje, dy wurdt net âld!” Ik kuierje by it tsjerkhôf it fytspaad op en sjoch yn’e fierte in groepke skoaljeugd wêrút ien jonge it blykber op my fersjoen hat. Dat stoere gerop en geraas fan tsjintwurdich, dêr skrikt ik net sa fan, dat ik kuierje gewoan troch. As de fytsers oan… Lees verder Yntimidearje (2)
Yntimidearje (1)
Twa jonges fytse my foarby, de iene hat in lûdsprekker efterop en de oare sjocht my by it ynheljen wol sa yntimidearjend en ûnnoazel oan dat hja der hast benaud fan wurde soene. Twa froulju fytse der efteroan. Omdat ik net sa gau earne benaud foar bin, skrik ik net fan de ûnnoazele holle dy’t… Lees verder Yntimidearje (1)
Splinterke
Noch in lêste slach dwaan en dan is ek dizze put wer kleare, en krekt dy lêste heal skaavje ik mei myn tomme oer in wat rûch latsje dat ik meinimme sil. “Au bliksem!!!”, sa rop ik tsjin gjinien yn it bysûnder want ik bin hielendal allinnich, de reaksje giet lykwols automatysk. Der is in… Lees verder Splinterke
Plestik pûdsje
Yn de tsiiswinkel leit meastentiids wol in blok tsiis klear fan ûngefear in kilo, altyd netsjes ferpakt yn plestik. Dizze lis ik dan op de toanbank en rekkenje ik ôf. Op it momint dat ik myn betelling regelje, pakt de ferkeaper hiel automatysk noch in plestik pûdsje, wierskynlik om it ferfieren wat makliker te meitsjen.… Lees verder Plestik pûdsje
Simmerwurk
De temperatuer yn myn wurkkeamer rint fanmoarn betiid al gaueftich op rjochting seisentweintich graden. It is simmersk waar, de sinne skynt op’e glêzen mar ik haw de gerdinen ticht om it ljocht tsjin te hâlden. Rûnom njoggen oere nim ik in bakje kofje mei nei bûten yn it skaad en dêr doch ik wat skriuwwurk… Lees verder Simmerwurk
Privacy
“Jo binne frou Reitsma? Jo hawwe om tsien oere in termûndersyk.” De assistinte tsjekt de gegevens dy’t yn har systeem steane mei de pasjintenkaart fan frou Reitsma. “Hawwe jo faak genôch nei it húske west?” No, dêr twivelet mefrou Reitsma noch in bytsje oan en derom giet se noch mar ris in kear. “En jo… Lees verder Privacy
Foetsy
Myn telefoan dy brûk ik net om – sa’t ik om my hinne in hiel soad sjoch – tritich sintimeter efteroan te rinnen of fytsen. Meastentiids haw ik it apparaat yn’e bûse om sa no en dan ris in foto mei te meitsjen, in berjochtsje te stjoeren of in betellinkje te dwaan. As ik thús… Lees verder Foetsy
Skeef
“Noh, dit haw ik werklik wier noch nea earder meimakke!” De timmerman dy’t by ús in nei kezyn pleatst, hat sawol ûnder as boppe de maat al trije kear metten en hy hat him dêrtroch fersekere dat hy it goed dien hat. “Der sit in oantal milimeters ferskil yn ûnder en boppe, no moat ik… Lees verder Skeef
Primeur (150)
Sy soe dapper op de nije fyts mei elektryske ûndersteuning nei it wurk, mar de waarfoarspelling wie net goed. De radars hiene net gelyk, it earste fytstochtsje hie wol kind. De primeur skode in dei op, doe soe sy mei in freondinne – dy’t ek krekt sa’n flot fytske kocht hie foar it wurk –… Lees verder Primeur (150)