Nijs

Foar it nijs út’e omjouwing stiet myn radio regelmjittich ôfstimd op Omrop Fryslân. Ik fyn it noflik om it nijs yn myn eigen heitetaal te belústerjen. It duorret lykwols meastentiids net hiel lang foardat ik wer kies foar in oare nijsstjoerder. Yn it earste plak fyn ik it hielendal neat dat earst al sa’n trije… Lees verder Nijs

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150

Kâld?

It wie acht graden ûnder nul doe’t wy begûnen mei ús etappe fan it Pieterpad. Foar ús dwaan wie dat aardich kâld, en wy binne dan ek al gau oan it krimmenearjen: kâlde teannen, kâlde fingers, kâlde billen en ensafuorthinne. Hiel efkes gean myn tinzen nei de flechtlingen út Oekraïne mei sjaals en winterjassen om… Lees verder Kâld?

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150, Frysk

Hurdsean aaike

Hast elke moarntiid kinne wy in oantal farske aaikes by ús piken út it hok wei helje. Fan dy skattige lytskes, fjouwer minuutjsjes siede dan binne se klear, dan hawwe wy hearlik sachtseane aaikes. Dêr hâlde wy fan. Fannemoarn hie ik de aaikes opset en wie de keuken efkes útgong. Underweis yn’e hûs betocht ik… Lees verder Hurdsean aaike

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150, Frysk

Yochert

“Wolst efkes sjen nei de yochert? Neffens my doocht dat net hielendal mear.” Ik pak de grutte pot fol mei mei de dikke wyte floeistof út de kuolkastdoar en it earste dat ik betinke kin is om it spul mar ris flink troch inoar te skodzjen. Ik pak de pot yn myn rjochterhân en draai… Lees verder Yochert

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150

Tafelskikking

“Wa fersoarget it wolkom by de lunch?”, freegje ik my ôf as ik as ien fan de earsten oankom by it gebou en dêr mei noch in pear gasten inoar wat oan steane te sjen. Foardat it antwurd der is betink ik sels de oplossing: ik doch is sels. “Wolkom, moai dat jo der binne”,… Lees verder Tafelskikking

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150

Alarm

Piep… piep… piep… It sil sa om de tritich sekonden wêze dat op de oerloop in lûdsje te hearren is dat ik mar al te goed werom ken: it jout oan dat de batterij fan it brânalarm hast leech is. Moai systeem, sadat hja altyd witte dat der aksje ûndernaam wurde moat. Mar net no!… Lees verder Alarm

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150

Snotterich

Alle jierren as it waar wat omslacht, haw ik der wer in wykje lêst fan, dan is myn noas wat snotterich, moat ik hieltiten prúste en snút wol fiif bûsdoeken yn’t oere fol. Hiel ferfelend, foaral yn’e jûntiid as it sliepen net sa flot op gong komme wol, mar it giet altyd wol wer oer.… Lees verder Snotterich

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150

Oanhâlder

Efkes in kleuredruk meitsje op in apparaat wêrfan net ien krekt wit hoe’t it wurket, dat soe ik tegearre mei Elizabeth wol fikse. Wy kamen in hiel ein, mar doe moast der in koade ynfierd wurde. No dan binne hja gau de tried kwyt. In dei letter mei de behearder fan it apparaat mar ris… Lees verder Oanhâlder

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150

Boesgroentsje

Wy wiene sa op de goeie wei om in bytsje sûn te libjen, minder te iten en te drinken en de resultaten dêrfan wienen ek dúdlik te fernimmen. Mar de skeal joech okkerdeis dochs wer aardich oare wearden oan dan dat ik yn’e holle hie, wy wienen it paad lykwols wer wat kwyt. Doe’t ik… Lees verder Boesgroentsje

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150

Unhandich

It is somtiden in aardichheid om gewoanwei te sjen wat oare minsken sa al by’t ein hawwe. Sa stie ik sneontemoarn yn alle rêst by te supermerk te wachtsjen en seach hoe ûnhandich as de winkelkarren dêr eins opstelt steane. Der is mar ien iepening om in karre mei te krijen en lâns dizze wei… Lees verder Unhandich

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150