Frustraasje

In kuierke is altyd in perfekte manier om frustraasjes út te praten en sa dienen wy dat dan ek dizze jûn. Doe’t wie ús strjitte wer yn kamen, wy de frustraasje lykwols noch net fuort. Buorfrou – dy’t yn’e tún oan it wurk wie, hie dat wol yn’e smizen. Sy fertelde fan in taaie gers… Lees verder Frustraasje

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150

Poadium

“Ah Dick, hoe is’t mei dy jonge, wol aardich goed?” Wat is dat dochs mei yn soad minsken dy’t fan dit soad fragen stelle, mar dan net it antwurd ôfwachtsje of it sels al sa’n bytsje ynfolle en dan fierder geane mei harren eigen ferhaal. “Ja, mei my giet it ek goed, ik hie juster… Lees verder Poadium

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150

Wykbrief

“Tinkst wol om it berjochtsje op’e wykbrief?”, sa krige ik as warskôging noch efkes te hearen. Ut en troch kleurje ik net altyd binnen de lyntsjes en is sa’n heugenis net ferkeard. “Ja, ja, sjoch mar, ik haw de útnoeging foar de Floriadetrip juster opstjoerd.” In dei letter is it mear in ferwyt dat ik… Lees verder Wykbrief

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150, Frysk

VIP’s

Om ús festival in lyts bytsje te promoaten, hjir en der in praatsje te meitsjen en fansels om te genietsjen fan in hapke en in drankje, fertsjintwurdigden wy okkerdeis mei sy’n fjouweren ús organisaasje by de Midsimmermoeting fan de gemeente Achtkarspelen. By de parkearromte stie in man yn in oranje festje en Johan liet it… Lees verder VIP’s

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150, Frysk

Panyk

De sirene fan de brânspuitauto komt stees tichterby en stoppe net fier fan ús ôf. Ik meitsje oanstalten om polshichte te gean nimmen. “Mar der fleanste dochs net efteroan?!”, sa krij ik te hearen. Sa’n twa minuten letter bin ik der al efter dat it wierskynlik om in skoalebesikje fan de brânwacht giet en dêrom… Lees verder Panyk

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150, Frysk

Hûndertfyftich wurden

Myn idee om dit rubrykje fan hûndertfyftich wurden te gean skriuwen komt út de Volkskrant, sa hie ik alris útlein. Hiel maklik haw ik somtiden in koart ferhaaltsje op papier. Ik soargje der alle kearen foar dat it bestiet út eksakt hûndertfyftich wurden. Fanmiddei diene wy in koarte lunch yn Brasserie Kolkzicht en dêr blêdere… Lees verder Hûndertfyftich wurden

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150, Frysk

Pike fange

De pyk siet dúdlik net sa lekker yn har fel, sy stie wat tenearslein yn in hoekje, by de oare piken wei. Oan har bealchsein koene wy wol sjen: hjir doocht wat net. En dus moast it bist efkes fangt wurde. No, dan giet it der om wei yn it pikehok, mar it is slagge.… Lees verder Pike fange

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150

Naaie

It luske fan de ôfdrûchdoek wie skuort dus de doek woe net mear hingje en lei op’e grûn. Eartiids gong ik mei dit soarte saken nei mem of frege ik Nynke om der mei oan de slach te gean, mar – sa tocht ik no – dit moat ik dochs sels ek kinne?! Ik wist… Lees verder Naaie

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150

Gedachteleas

Efkes en boadskipke hjir, in boadskipke dêr, tassen thús bringe en wer nei de folgjende winkel om ynkeapen. Neist ús iten en drinken, it wurk en wat oare fêste patroanen, sjocht ús libben der eins sa wol sa’n bytsje út en kinne wy dit bestean ek hast wol op de automatyske piloat libje. Sa tocht… Lees verder Gedachteleas

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150, Frysk

Wetter foar de dokter

Al in tydsje haw ik de yndruk dat ik der ’s nachts faak út moat om wat kwyt te wurden en ek giet it plassen de lêste tiid behoarlik dreech. Omdat hja wolris hearre fan mannen op leeftiid dy’t wolris kwaaltsjes krije, haw ik ek mar in ôfspraak makke by de dokter. Sa kuierje ik… Lees verder Wetter foar de dokter

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150