It is fiif oere as de belle by ús foardoar giet en dat is hiel faak de tiid foar kollektanten dus ik nim alfêst wat jild mei nei de doar. Mar der stiet gjin kreaze kollektant mar in grauwe en suterige keardel yn wurkklean: “Jo moat in bak ha?!!” Efter him sjoch ik op ús… Lees verder Bak ha?
Categorie: 150
#54 Froulju
Sommige froulju begjinne by harren aktiviteiten yn’e hús mear as ien en twa kear op in dei samar te praten, en ast dan fregest wat se krekt sein hawwe dan is it antwurd faak: ‘ah neat jong, ik praat wat yn mysels.’ Dan probearrest har praten wat te negearjen sadatst dyn gong wat gean kinst,… Lees verder #54 Froulju
Fleskes
‘Wat silsto mei al dy fleskes’, sa waard oan Nynke regelmjittich nijsgjirrich frege neidat sy op Facebook in oprop dien hie om kofjemolkefleskes foar har te bewarjen en der ek al regelmjittich in pûdsje mei dy dingen by ús brocht wie of oan de doar hong. ‘Ik gean in workshop hâlden foar it meitsjen fan… Lees verder Fleskes
Wikseltruuk
Nei in aardich eintsje kuierjen rûnom Earnewâld wie der yn de lêste kilometer noch in stikje wetter dat oerstutsen wurde moast. Foar ien euro per persoan wie der in pontsje dat ús oersette koe, mar op it boardsje stie hiel dúdlik dat wy kontant betelje moasten. Dat is in hiele toer mei allinnich mar in… Lees verder Wikseltruuk
Ienrjochtingsferkear
“It is hjir ienrichting hjer!” In ferûntweardige autorider set syn auto in bytsje dwers op De Kolk by de krusing mei de Groningerstraat en draait syn raampke iepen om dizze boadskip oer te bringen. De âldere mefrou foar wa’t it boadskip bestimd is, skrikt der suver fan. “Oeh hea, dêr hie ik nea wer om… Lees verder Ienrjochtingsferkear
Tûzend
‘Net mear as tûzend’, sa jout de #hashtag oan fan de rubryk Samar-in-momint-yn-tfean dy’t ik regelmjittich meitsje en ik siet my okkerdeis ris ôf te freegjen wannear ik no einliks ris oan dy tûzend ta wêze soe, it sil dochs hast ris wêze nei sa’n twa jier skriuwen. Doe bin ik al de publiseare artikels… Lees verder Tûzend
Rubrykje
Sels haw ik gjin abonnemint op in krante, mar út en troch mei ik wol graach ris troch de Volkskrant blêderje, as ik bygelyks efkes by in brasserie op in terraske sit mei in bakje kofje. Fuortendaliks op de foarpagina werkende ik fannewike myn eigen lytse rubrykje mei 150 wurden en ik wit ek drekst… Lees verder Rubrykje
#48 Toet-toet
Toeterjende automobilisten dy binne meastentiids allinnich mar hastich en hawwe neat oars as kwea yn’e sin. Dêrom lûkt it kabaal myn oandacht ek net en sjoch ik faaks sels de oare kant út. Mar somtiden sjoch ik tidens myn moarns kuier in fleurich entûsjast swaaiende jonge mefrou efter it stjoer sitten en dan fyn ik… Lees verder #48 Toet-toet
#47 Aardbeismaak
Mei in jongedame dy’t by in drogist wurket, stean ik yn it doarp efkes by te praten. Sy fertelt oer in âldere man dy’t wy beiden wol kinne dy’t eartiids alris by har yn’e winkel kaam en op lûde toan kondooms mei ierdbeismaak bestelde, gewoan om har te sjokkearjen. Fansels wy de jongedame wol wat… Lees verder #47 Aardbeismaak
#46 Swierste
“Ja hjer, wy falle wer yn’e prizen!” In jongeman is op de boppeste ferdjipping fan in appartemint dat leech helle wurde moat en konstatearret dat de waskmasine dy’t sy meinimme sille foar de kringloopwinkel ien fan it swierste soad is. Puffend en steunend binne de mannen efkes letter dwaande om it apparaat by de earste… Lees verder #46 Swierste