‘De koster is hjoed kreas op’e tiid’, sa tinkt in gemeentelid dy’t om klokslach njoggen oere op sneintemoarn de fiters noch efkes fêst makket. As hy tsien minuten letter tegearre mei syn frou de doar út giet, op it fytske op wei nei tsjerke, heart hy op’e nij in klokje lieden, of is it wier… Lees verder Kreas op’e tiid
Categorie: Achter de schermen
Trochrekkenje
De earste tsjerkegongers sieten op Himelfeartsdei sa’n heal oere te betiid yn’t tsjerke. Der wie yn Kruispunt in ferkearde begjintiid kommunisearre sadat net elkenien de júste tiid fan de mienskiplike tsjinst mei de CGKV yn De Regenboog kin. By tafal hat koster Anne Rijpma te hearren krige fan it fersin en hat derom de doar… Lees verder Trochrekkenje
Sinnebril
It is in sinnige sneintemoarn, krekt wat foar njoggen oere. In grut diel fan de meiwurkers is al oanwêzich yn’t tsjerke. De koster hat fansels de doar al los en it gleske wetter klearset foar de dûmny, it technysk team hat de saken opstart en de kofjeskinkers binne de kopkes al oan it klearsetten. De… Lees verder Sinnebril
Minskenwurk
De oargelist begjint te spyljen en de gemeente sjongt de tekst dy’t projektearre wurdt. Al foardat de earste rigel útsong is, blykt dat de melody net hielendal past by de tekst. In diel fan de gemeente kent de tekst út’e holle en sjongt of njuentsjet mei, de oaren sjogge wat ûngemaklik om har hinne of… Lees verder Minskenwurk
Sjoelblokjes op’e Jan Binneslaan
“Tinkst der al om dat jimme de sjoelbakken rjochtop hâlde, want oars giet it raar”, sa bring ik yn’t sin hoe’t it foarich jier gong is. Foar de aktiviteit Soep en Sjoelen dy’t wy doe yn De Lantearne organisearre hiene, moasten der seis sjoelbakken út it Feansterhiem komme – sa’n twahûndert meter fierderop. No, dat… Lees verder Sjoelblokjes op’e Jan Binneslaan