Komplemint

Yn de sauna haw ik noch mar krekt myn badjas ôf dien om in kabine yn te stappen as ik in âlde frou yn in badjas tsjinkom, sy rint mei in kuierstôk. “Meneer, mag ik u een compliment geven?”, freget se my neidat se my hielendal besjoen hat. Ik stean dêr hielendal yn it neakene… Lees verder Komplemint

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150, Frysk

Sjoelblokjes op’e Jan Binneslaan

“Tinkst der al om dat jimme de sjoelbakken rjochtop hâlde, want oars giet it raar”, sa bring ik yn’t sin hoe’t it foarich jier gong is. Foar de aktiviteit Soep en Sjoelen dy’t wy doe yn De Lantearne organisearre hiene, moasten der seis sjoelbakken út it Feansterhiem komme – sa’n twahûndert meter fierderop. No, dat… Lees verder Sjoelblokjes op’e Jan Binneslaan

Bûsboekje

“Foar it earst hie ik dit jier gjin bûsboekje kocht”, sa lei ik de mefrou efter de toanbank by de Afûk út. “Mar ik mis ’m no dochs.” Al in oantal kearen earder dit jier soe ik der nei omsjen, mar hjoed soe it dan dochs wêze. Op de ynternetside fan organisaasje dy’t de Fryske… Lees verder Bûsboekje

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150, Frysk

Trochride

Doe’t ik fanmiddei de doar útstapte om nei Ljouwert te riden foar de skriuwkursus tocht ik wol aardich op’e tiid te wêzen, mar op it klokje yn it desboerd sjoch ik dat it al rom oer ien oere is. Neat oan’e hân, want dan kom ik meastentiids ek noch wol op’e tiid, mar ik mei… Lees verder Trochride

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150, Frysk

Tropysk yn’e hûs

Hjir doocht wat net, is it earste dat der troch myn holle giet nei it wekker wurden. Ik hear in lûd dat ik net hearre moat. As ik ûnder yn’e keuken bin foar myn moarnsiten, wurde myn tinzen befêstige: de temperatuer is hjir hast tritich graden, de kachel hat de hiele nacht stean te loeien!… Lees verder Tropysk yn’e hûs

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150, Frysk

Kâld?

It wie acht graden ûnder nul doe’t wy begûnen mei ús etappe fan it Pieterpad. Foar ús dwaan wie dat aardich kâld, en wy binne dan ek al gau oan it krimmenearjen: kâlde teannen, kâlde fingers, kâlde billen en ensafuorthinne. Hiel efkes gean myn tinzen nei de flechtlingen út Oekraïne mei sjaals en winterjassen om… Lees verder Kâld?

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150, Frysk

Hurdsean aaike

Hast elke moarntiid kinne wy in oantal farske aaikes by ús piken út it hok wei helje. Fan dy skattige lytskes, fjouwer minuutjsjes siede dan binne se klear, dan hawwe wy hearlik sachtseane aaikes. Dêr hâlde wy fan. Fannemoarn hie ik de aaikes opset en wie de keuken efkes útgong. Underweis yn’e hûs betocht ik… Lees verder Hurdsean aaike

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150, Frysk

Wykbrief

“Tinkst wol om it berjochtsje op’e wykbrief?”, sa krige ik as warskôging noch efkes te hearen. Ut en troch kleurje ik net altyd binnen de lyntsjes en is sa’n heugenis net ferkeard. “Ja, ja, sjoch mar, ik haw de útnoeging foar de Floriadetrip juster opstjoerd.” In dei letter is it mear in ferwyt dat ik… Lees verder Wykbrief

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150, Frysk

VIP’s

Om ús festival in lyts bytsje te promoaten, hjir en der in praatsje te meitsjen en fansels om te genietsjen fan in hapke en in drankje, fertsjintwurdigden wy okkerdeis mei sy’n fjouweren ús organisaasje by de Midsimmermoeting fan de gemeente Achtkarspelen. By de parkearromte stie in man yn in oranje festje en Johan liet it… Lees verder VIP’s

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150, Frysk

Panyk

De sirene fan de brânspuitauto komt stees tichterby en stoppe net fier fan ús ôf. Ik meitsje oanstalten om polshichte te gean nimmen. “Mar der fleanste dochs net efteroan?!”, sa krij ik te hearen. Sa’n twa minuten letter bin ik der al efter dat it wierskynlik om in skoalebesikje fan de brânwacht giet en dêrom… Lees verder Panyk

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als 150, Frysk