Myn idee om dit rubrykje fan hûndertfyftich wurden te gean skriuwen komt út de Volkskrant, sa hie ik alris útlein. Hiel maklik haw ik somtiden in koart ferhaaltsje op papier. Ik soargje der alle kearen foar dat it bestiet út eksakt hûndertfyftich wurden. Fanmiddei diene wy in koarte lunch yn Brasserie Kolkzicht en dêr blêdere… Lees verder Hûndertfyftich wurden
Categorie: Frysk
Gedachteleas
Efkes en boadskipke hjir, in boadskipke dêr, tassen thús bringe en wer nei de folgjende winkel om ynkeapen. Neist ús iten en drinken, it wurk en wat oare fêste patroanen, sjocht ús libben der eins sa wol sa’n bytsje út en kinne wy dit bestean ek hast wol op de automatyske piloat libje. Sa tocht… Lees verder Gedachteleas
Koade rôze
Wy soene efkes in dei nei de sauna, mar de KNMI hie in soad snie foarspeld mei in stoarmeftige wyn. Sniebuien, wynfleagen en it koe wolris glêd wurde op’e dyk en derom wie der de koade giel ôfjûn foar it ferkear. Tsja, wat dogge jo dan, sa stiene wy te twiveljen as wy no ferstannich… Lees verder Koade rôze
Freonlike stim
“Beste klant…” Der binne fan dy supermerken dêr’t in freonlike stim fertelt hokfoar kassas der iepen of ticht geane. Der stie in aardich lange rige foar nûmer ien en sa wie ik wol aardich gau ut’e ried doe’t nûmer trije iepen gong en de man foar my begûn syn karre fol boadskippen alfêst op de… Lees verder Freonlike stim
Waskmasine
Mei in piiptoantsje en in koade jout ús waskmasine oan fierdere tsjinsten te wegerjen. It iennichste dat ik betinke kin is om de leveransier mar te skiljen. Dizze monteur stiet de oare dei al foar de doar, dus dat is moai genôch. De masine is noch gjin jier âld, dus it kin hast net oars… Lees verder Waskmasine
Paadskyter
Alle moarnen kom ik tidens myn kuierke wol sa’n bytsje deselde minsken tsjin, dy’t op dat stuit ek in rûntsje dogge. De measten kin ik dan ek wol en mei in soad meitsje ik ek wolris in praatsje. Sommige fan harren hawwe in hûn en ek dy kin ik faaks wol. Fannemoarn seach ik in… Lees verder Paadskyter
Per ûngelok
‘FaceTime gesprek gemist’, sa sjoch ik op myn kompjûterskerm stean wannear ’t ik nei de kofje op myn kantoar kom. Anja hat probearre my te berikken en meastentiids tink dan: ‘as sy my ha moatte, skilje se wol wer’, mar dit wie noch mar fiif minútsjes lyn en ik wie dochs ek wol in bytsje… Lees verder Per ûngelok
Snijbeantsjes
foar te kommen wat ferkeards mei te nimmen, stjoer ik efkes in berjochtsje nei hû
Panda
dizze stoel wie dochs aardich oan’e maat. Ien slach draaie, krekt oarsom deryn, it paste alle kearen krekt net
Memmetaal
It Memoriam dat ik skriuwe woe, hie ik makke yn it Frysk, myn memmetaal. De sitaten dy’t der yn foarkamen, de emoasjes, yn alles soe ik my it bêst yn it Frysk útdrukke kinne. Doe’t de dei fan it foardragen stees mar tichter by kaam, wie der dochs twivel. Der soene ommers ek minsken komme… Lees verder Memmetaal