Sommige froulju begjinne by harren aktiviteiten yn’e hús mear as ien en twa kear op in dei samar te praten, en ast dan fregest wat se krekt sein hawwe dan is it antwurd faak: ‘ah neat jong, ik praat wat yn mysels.’ Dan probearrest har praten wat te negearjen sadatst dyn gong wat gean kinst,… Lees verder #54 Froulju
Categorie: Frysk
Tûzend
‘Net mear as tûzend’, sa jout de #hashtag oan fan de rubryk Samar-in-momint-yn-tfean dy’t ik regelmjittich meitsje en ik siet my okkerdeis ris ôf te freegjen wannear ik no einliks ris oan dy tûzend ta wêze soe, it sil dochs hast ris wêze nei sa’n twa jier skriuwen. Doe bin ik al de publiseare artikels… Lees verder Tûzend
Blomke
“Hast wat goed te meitsjen?”, ropt in stim fanôf de oare kant fan’e wei as ik by de blommist nei bûten kom mei in boskje blommen op’e earm. “Nee hjer, ik doch dat gewoan omdat it út en troch sa moai is”, antwurdzje ik en de ferkeaper besjocht it noch efkes wat skerper: “ast wat… Lees verder Blomke
Laminaatsnijer
“Is in laminaatsnijer net wat foar dy?” Dizze suggestje wurdt my dien omdat ik al in tiidsje dwaande bin mei it lizzen fan sa’n flier op’e souder. Ik doch dat op myn eigen amateuristyske manier en moat foar elke planke nei de garaazje om dizze op maat te meitsjen mei in sirkelseachmachine. Dat jout nammentlik… Lees verder Laminaatsnijer
#12 Fiskje
It wie hast iterstiid en ik hie wol nocht oan in hearinkje. By de fiskwinkel seach ik krekt in klant nei binnen ta gean en doe’t ik de doar iepene om binnen te stappen, seach ik wol dat ik de fjirde klant wie, wylst der tsjinwurdich mar trije yn meie. “Ach, der is romte genôch”,… Lees verder #12 Fiskje
#11 Boadskippen
Foarige wike bin ik efkes mei west om boadskippen te heljen foar in âldere frou dy’t der eins net mear út doart. Ik bin der wier fan skrokken sa benaud as dy minsken binne foar dat corona-firus : fuort neidat de doar iepen giet, docht sy fiif stappen efterút, it ienigste útsje dat sy deis… Lees verder #11 Boadskippen
Corona
“Witsto eins wol datsto corona hast?” In goeie bekende komt yn de supermerk laitsjend nei my ta mei dizze meidieling. Sy hat dit niiskrekt fan ien heart dy’t myn namme neamde en it allegearre hiel goed tinkt te witten. Oan de iene kant moat ik hjir ek wol in bytsje om laitsje, mar oan de… Lees verder Corona
Slordig gebruikte Friese taal bijgespijkerd in tien lessen
SURHUISTERVEEN – ‘Ik jou in tút oan de Dútser.’ De cursisten buigen zich over hun schrift om de zin die ‘juf’ Jantine Wiersma voorleest op te schrijven nadat ze uitleg heeft gegeven over verschillende geluiden in de Friese taal. De tweede rijkstaal blijkt behoorlijk ingewikkelder te schrijven en te lezen dan te spreken en luisteren… Lees verder Slordig gebruikte Friese taal bijgespijkerd in tien lessen
Noardewyn Live
Eins koe ik it programma Noardewyn Live oars net as fan in pear bylden fan ‘e tillevyzje mei faaks wat nuvere muzyk groepkes dy’t harren nûmerkes spielen yn in gesellich en rommelich dekor en dat alles wurde dan ek noch presentearre troch in hiel drokke Willem de Vries dy’t mei in mikrofoan wat troch de… Lees verder Noardewyn Live
Klappertoskje
Ferline wike lei ik op in moarntiid efkes nei acht oere nei Omrop Fryslân te lústerjen. Hoewol ik hielendal gjin útslieper bin, fûn ik dat op dizze nijjiersmoarn wol efkes noflik: yn ‘e nacht hienen wy gesellich by de buorren sitten te boarreljen en wie it aardich letter wurden as dat wy dat wend wienen. Nynke Sietsma lies har kollum foar… Lees verder Klappertoskje