Beamkes roaie

Om ien oere soene sy der wêze, mar om tweintich foar ienen stiet der al in grutte kraan foar de doar en is in jongeman mei in grutte seachmasine en in helm op klear om te seagjen. Yn ien beweging hapt de kraan it boppeste stik fan de beam derôf en hâldt dizze sa dat

Beamkes roaie Meer lezen »

Korona

It begûn mei in wat snotterige noas en de oare dei fielde ik my net echt fit. Ik hong mar wat op de bank om en in slach om’e haven liet ik dizze twa dagen mar foar wat it is. Och – sa tocht ik – elk jier bin ik wol efkes wat snotterich en

Korona Meer lezen »

Opromje

By ús yn’e keuken stiet sa’n bakje op’e tafel mei ‘mail’ derop, foar de post dy’t wy bewarje en letter noch ris ynsjen moatte. Fanmoarn besjoch ik it bakje ris en fyn it der aardich útpûljend útsjen. Dêr moatte wy mar ris efkes in slach trochhinne. Wapene mei in bakje kofje, geane wy de striid

Opromje Meer lezen »

Myn fytske

“Kraks!”, sei myn fyts earne midden op De Kolk en doe hâlde it op. Noch in pear trapen koe ik dwaan, folle fierder as oan de fytsmakker kaam ik net. “De krukas is stik”, sa hearde ik hjir. “It kin net wer hiel.” Oe, dêr moast ik dochs wol efkes slokke; ik tink wol tsien

Myn fytske Meer lezen »

Oaljeboltsje

“Sille wy in oaljeboltsje hawwe?” Myn foarstel by it passearjen fan de kream wurdt fuortendaliks beäntwurde mei it fertraagjen fan it kuiertempo. – “Ja??” Grutte hoopfolle eagen sjogge my oan mar tagelyk hear ik ek alwer in stimke wat sizzen oer it minder iten en ôffallen wêr’t wy it okkerdeis oer hiene. Oe, wat binne

Oaljeboltsje Meer lezen »

Fluch bakje

De ronkjende auto dy’t efterút op it hiem yndraait wie luts myn oandacht. Ik stie op fan myn burostoel en seach noch krekt it skaad fan in man mei in donkere jas en in muts op nei de glimmende bolide stowen. Hy tikke noch efkes op’e iepensteande efterklep dy’t dêrnei automatysk wer ticht gong, skeat

Fluch bakje Meer lezen »

Apelflap

“Wat soe ik no nocht hawwe oan in hearlik waarme apelflap”, sa hear ik deselde stim sizzen dy’t ek witte faak resolute plannen hat oer ôffallen, minder ite, mear beweagje en dit soad fan saken. En dan is it op dizze reinige sneintemiddei yn novimber al gaueftich efkes in swiere striid tusken goed en kwea

Apelflap Meer lezen »

Scroll naar boven